zondag 9 oktober 2011

‘Handel vanuit liefde’ (wrp)


It famke waard grutter en âlder, sy gong no sels oppassen.
It wie no oarsom, sy paste op it berntsje fan har oppas fan eartiids.
Har dream soe wierheid wurde

It famke krige de sin ‘handel uit liefde' mei út Nederlân
Alline leafde is in grut wurd, hoe moest se dat dwaan?

By Palm tree learde se in soad bern kennen die al in hiel soad meimakke hienen.
Se koe it net oan se sjen, se hienen sa’n protte wille.
De bern wisten dat se wer fuort gean soe, mar al hiel fluch fjilde se in hantsje har hân sykjen.

Elkenien waard aksepteare en de bern jong en âld boarten mei elkoar. Alles waard  dield meiinoar. Se joechen net alline elkoar in soad leafde, mar ek har.

Yn it gewoane libben yn Afrika, seach se de leafde werom kommen. As minsken hearden/seachen dat se frijwilliger by Palm tree wie, dan kaam er samar jild of klean op tafel. Foar de wat âldere minsken wie it unfoarstelber dat in blanke in swarte holp, ‘God bless you’ wie in sin die’t it famke gauris hearde.

Yn Afrika seach se hoe minsken mei leafde mei elkoar omgongen; no is it tiid om werom te gean en yn Nederlân út leafde te handeljen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten