In jonkje is mei de bisten oan it boartsjen, hy hâldt de nije frijwilligers yn ‘e smiezen.
De dei d’rnei moat hy wer nei skoalle, dus in frywilliger moat him helpe. No, helpe is net it juste wurd, sy fient dat hy it sels besykje moat.
Begrypt dy frijwilliger dan net dat dit hiel dreech foar him is? Hy beslût neat mear te dwaan, better neat dwaan, dan wat fout. Die frijwilliger siket it mar moai ût.
Elke kear kaam der wer in nije frijwilliger, elke kear wer op ‘e nei in bân opbouwe.
De ienige frou die’t de bern leafde joech yn it weeshûs, moast har leafde en tiid ferdiele oer alle bern.
Sûnt in jier kamen der no frijwilligers, dat makke it foar ‘mom’ maklikker, sy hoechde de bern no net mear sels les te jaan en ek de nije frijwilligers hoopten de bern wer in balans yn leafde te jaan. In tal bern doarde it oan om de nije minsken daliks te fertrouwen, foar oaren gong dat stadicher en foar in hiel lyts diel kaam it fertrouwen pas nei dat der in hiel soad frijwilligers west wienen.
Die bân waard net alline mei it lesjaan opbouwt, mar ek troch de spultsjes die’t we dienen.
Sa learde ik se it spultsje ‘politie en boefje’ se koenen it net, mar it wie moai om te sjen hoe’n soad aardichheid se der oan hienen. Ek oare lytse spultjes as kaarten yn teams, mens-erger-je-niet (ût Hollân meinaam), trampoline springe en fuotbal fersterke de bân. In bân die’t foar twa minsken wichtich waard.
It wie de lêste nacht, lokkich hienen se in sleepover en sliepte de frijwilliger by him. Hy hie in ûnrestiche nacht, koe min sliepe en waard drôvich wekker. Sa as altiten freege de frijwilliger wat der mei him oan ‘e hân wie, hy sei mar krekt as altiten ‘because’. Mar hy koe har net tefreden stelle mei dit antwurd. Ûteinlik flûsterde hy it mar yn har ear werom hy fertriet hie:
‘because you are leaving’
Geen opmerkingen:
Een reactie posten