zaterdag 13 augustus 2011

Sa geduldich as in….

Der stie ik dan, mei hurde wyn en sa no en dan in snitterke rein te ferfjen. Ik ferve in nij stek sadat de kij net útnaaie koenen.

Ik wie moai dwaande, it waaide aardich dus der moast ik mei it ferfjen om tinke. Nei in tiidsje hjearde ik wat en ik seach achterom. Der stienen in pear kij nei mij te sjen.

Dizze kij wienen krekt molken en mochten no  nei bûten ta, it lân yn, nei harren frisse griene hapke.

 

Oer in lyts paadsje lâns de lizbokstal koenen se it lan ynkomme. It ienige wat harren tsjinhâld, wie ik, dus ik gong oan ‘e kant, om de froulju troch te litten. Mar de kij gongen der net lâns, se woenen graach sjen hoe’t ik myn arbeidsjen ôfmeitsje soe, dus dat die ik.

 

De kij bleauwen stokstiif stien, se fersetten gjin stap en hun eagen bleauwen op myn keunstwurk rjochte. Der wie gjin inkel boe-gerôp dat mei oansette om it flugger ôf te meitsjen.

Even in fergeliking mei my sels; as ik middeis/jûns oanskowe mei foar it iten (wat ik al dan net sels klear makke ha), dan ha ik sin yn iten en kin ik net wachtsje om te begjinnen. Wat foar keunstwurk der ek makke is fan it iten, ik sil der net tsien minuten nei stare foardat ik deroan begjin.


Doe’t ik klear wie, rûnen de kij stadich lâns it stek en seachen der noch eefkes goedkeurend nei, foardat se it lân yn gongen, wer it farske gers al stie te wachtsjen

1 opmerking:

  1. Ha die Harmke,
    wat kinsto moai skriuwe. Ha d'r fan genoten.
    Folle sukses!
    Groetnis Bert

    BeantwoordenVerwijderen