zaterdag 6 augustus 2011

Amsterdamse logika: kapot = heel

Der stie ik dan as nuchter frysk famke op it stasjon yn Soest en letter Diemen. Op nei in wike as trainer op fuotbalkamp. Ik kaam yn in echt westers mannenwereldsje wer’t demokratysk beslûten werd dat Frysk in dialekt is.

Dat Frysk in taal is, stiet as in peal boppe wetter, mar wat foar Hollansk se der prate der bin ik noch net hielendal oer ût. Nei in dei mei in soad fuotbal wert ik even op myn wurdkennis testen: ‘Die kan kapot goed voetballen’ letter dizze wike hjearde ik it faker ‘dat is kapot leuk’. Dat kapot in wurd is, wist ik mar de betsjutting yn Fryslân is dochs in lyts bytsje oars.

Ek de fuotbaltermen wienen mei net hielendal dudlik sa moast ik de bern de dragback (je sizze drekbek) ûtlizze, yn Fryslân kenne we de drekbek by it fierljeppen nei in wietsprong, mar as trúkje op keunstgers? Doe’t ik it trúkje seach fûl ik hast fan myn stokje, dat trúkje lizze wy gewoan út en krijt gjin namme

http://www.youtube.com/watch?v=1yvjv42qhCk&feature=related

 

Yn ‘e pauze hienen wy altiten mei de jongste bern in lytse kwis, de fraach wie ‘wat is ’t moaiste stadion yn de eredivyzje?’ It antwurd wie: De Kuip, want je sitte hiel ticht op it fjild. As echte Hearenfean supporter  wie ik it der net mei iens en ik fertelde de bern dat it dochs it Abe Lenstra stadion is.

De letste dei werden eardere fragen werhelle, om te sjen oft de bern der goed by wienen west. Altiten moai om dan fan in Ajacied te hjearen dat, it Abe Lenstra Stadion it moaiste stadion fan de eredivyzje is.

 

De ein fan ‘e wike kaam yn sicht, nei in lange trainingsdei wie ik de krante oan it lêzen. De Telegraaf biedt meastal net in soad djipgong, dus echt konsentreerd wie ik net, sadwaande hjearde ik de gesprekken nest mei. Der kaam de folgende sin foarby: ‘ik kan mij niet meer heugen wanneer we daar voor het laatst geweest zijn’

Fremde minsken die Hollanners

Geen opmerkingen:

Een reactie posten