Mei myn lytse freon siet ik bûten. Ik lies in ferhaaltsje foar en sa no en dan stelde ik hem in fraach. Op it moment dat hy al syn ‘broerkes en suskes’ opnaam, haperde hy, want in pear dagen lyn wie syn ‘suske’ stoarn.
Hy fertelde dat sy no by God yn ‘e himel wie, se mocht der sa soad boartsje as se woe én se hoefde net nei skoalle. S. siet namentlik yn grade 1 en moast no leare leze, skriuwe en rekenjen derfoar moast hy in soad besykje. Hy moast yn sichself leauwe, mar hy leauwde alline yn God....

S. is in jonkje fan acht jier, mar hy hat al mear meimakke as de measten fan myn leeftiid. Troch syn ferline hie hy net in soad selsfertrouwen. Ik mocht hem lesjaan, mar it learen gong erch dreech. Ik makke in ôfspraak mei hem: alle kearen at hy wat probeare, kriege hy in kleurd fiche, elke kear at hy iets goed hie, kriege hy in swart fiche. Ik hope dat hy sjen soe dat as hy hiel soad kleurde fiches hie, dat der dan fansels swarte fiches bykamen.
De letste lesdei kaam. S. hie in toets, it wie erch dreech en hy fûl wer yn syn âlde patroan. Fan alle fiches die’t hy fertsjinne hie, makke ik in toer. Ik liet de toer falle en bouwde hem wer op. S. seach troch syn triennen hinnen en gong mei neidwaan. Ek syn toer fûl om, mar hy probearde it noch in kear, krekt sa lang oant syn ‘toer fan hoop’ stoen.
Hy pakte syn toets en sei: ‘I will try’
Harmke, wat een mooi verhaal! Je zou er een boek over kunnen schrijven. Wie kan zich nou een betere juf wensen na dit verhaal!
BeantwoordenVerwijderen